Fryse Firefox
http://www.mozilla-nl.org/projecten/frysk" onclick="window.open(this.href);return false;
Dit is de begjinside fan de Fryske oersetting fan Firefox, Thunderbird mei Lightning, Sunbird en Mobile (Fennec).
Firefox 3.6 en Thunderbird 3.0 kinne jo mei ien fan de keppelings hjirûnder ynlade.
Der wurdt troch Mozilla hurd wurke om de feilichheid by it websneupen en e-mailen te fergrutsjen. Anti-phishing tsjin stellerij fan persoans- en bankgegevens is dêr ien fan. Troch de automatyske fernijings is elkenien wis fan beskerming tsjin spyware en oare gefaren fan it ynternet.
Firefox en Thunderbird kinne mei saneamde tafoegings, lytse programmaatsjes, mei ferskate funksjonaliteiten, útwreide wurde. Sa kin de browser nei eigen idee ynsteld wurde foar bygelyks de blêdwizers, RSS-lêzers en wurdboeken foar de staveringshifker. In protte dêrfan binne ek yn it Frysk of kinne jo op fersyk oersetten krije.
Mei de ynboude sykmasinen yn Firefox, lykas dy fan Google, kinne daliks sykopdrachten jûn wurde.
Yn de Fryske Firefox sit standert de RSS-feed mei it lêste nijs fan Omrop Fryslân. Dêrneist binne de (online) helpteksten folslein yn it Frysk.
Mear ynformaasje oer bygelyks de oersetting, Linux en MacOS X fine jo op it foarum fan:
http://www.MozBrowser.nl" onclick="window.open(this.href);return false;
Fragen en opmerkings kinne jo pleatse op it foarum of stjoere nei: fryskefirefox at gmail.com.
Yn Firefox sit ek in staveringshifker ynboud. Dêrfoar moatte jo wurdlisten ynlade fanôf it Add-ons webstee fan Mozilla. It Fryske wurdboek kinne jo ynstallearje fanôf: addons.mozilla.org.
De wurdlist kin ek brûkt wurde yn Thunderbird en .
Mei freonlike groetnis,
It Fryske oersettersteam.
Zoals wij van PC Web Plus u helpen met informatie, advies en oplossingen kunt u ons helpen aan meer leden en/of bezoekers.
Vertel een kennis, vriend of familielid over het forum van PC Web Plus en verhoog zo onze bekendheid.
M.v.g,
~*~Maaike~*~